BAM-ploech oppermachtich

© Omrop Fryslân
Bob de Vries fan De Haule hat op Thialf de twadde maraton om de KPN Cup wûn. De Vries gong healwei de 125 rûntsjes op aventoer. Om wer by it peloton te kommen krige er help fan BAM-Univé ploechmaat Willem Hut. Hut holp letter ek Jorrit Bergsma om in rûntsje te pakken. Doe't dat like te mislearjen kaam Arjen Stroetinga, de lêste ploechmaat, yn aksje.
Bob de Vries en Jorrit Bergsma moasten it dêrnei útmeitsje. Beide riders ha stilstien en yn de sprint wûn De Vries.