Boek oer Syryske flechtlinge Lilan presintearre

10 jan 2017 - 12:57

It nijste boek fan berneboekeskriuwster Hanneke de Jong is tiisdeitemoarn op It Hearrenfean presintearre oan de haadpersoan sels. It hjit 'Wês net bang' en is oerlange oan flechtlinge Lilan út Syrië, de haadpersoan. Fia social media kamen se yn kontakt mei-inoar en se hawwe yntusken in goede bân mei-inoar.

By de presintaasje fertelde de berneboekeskriuwster it goede nijs dat se krekt heard hawwe dat heit en mem oerkomme meie út Turkije. Se hawwe tastimming krigen fan de ambassade.

Lêsbefoarderingsprojekt

It boek is mei de jeugddramasearje Bosk fan Omrop Fryslân ûnderdiel fan it lêsbefoarderingsprojekt. It projekt is in gearwurking fan Cedin, Afûk, Tresoar, Biblioteekservice Fryslân, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân, bedoeld om mear nocht oan Frysk lêzen te krijen.

By de boekpresintaasje yn muzyksintrum De Rinkelbom wiene learlingen fan it Bornego College oanwêzich.

(advertinsje)
(advertinsje)