Kaarten foar Faderpaard fleane de doar út

10 jan 2017 - 11:07

It giet hurd mei de kaarten foar de foarstellingen fan Friesian Proms en de hynstekeuring. Alle 5.500 kaarten foar Friesian Proms fan freed binne no al útferkocht. Der binne foar de foarstelling fan tongersdeitejûn noch wol plakken frij. De hynstekeuring fan sneon is ek populêr. Der binne 7.000 kaarten en dy fleane rap de doar út. As minsken der noch hinne wolle, moatte se der neffens de organisaasje fluch by wêze.

Omrop Fryslân stjoert de foarstelling Friesian Proms freed live út fan 20.30 oere ôf. Sneon fan 8.30 oere ôf is de keuring fan de stamboekhynsten live te folgjen op Omrop Fryslân telefyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)