Ljouwert krijt gjin islamityske skoalle

© ANP
Steatssekretaris Sander Dekker hat de oanfraach foar in islamityske skoalle yn Ljouwert ôfwiisd. De Stichting Islamitisch Onderwijs Noord-Nederland hie it fersyk yntsjinne. Neffens Dekker is der yn Ljouwert gjin basis foar islamitysk ûnderwiis.
De stichting hie Ljouwert fergelike mei Maastricht, mar neffens Dekker is dat gjin goeie fergeliking om't it oantal learlingen, de ynwenners en de lizzing hiel oars binne. It is dêrom mar de fraach oft in basisskoalle wol genôch learlingen krije soe.
It bestjoer fan de stichting tinkt nei oft se beswier oantekenje sille.