Tredde autobrân op rige yn Ljouwert

Autobrân yn de Emanuel Murandstrjitte yn Ljouwert © Kappers Media
De plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan in autobrân, moandeitenacht yn de Robinsonstrjitte. In rút fan de auto wie ynslein, wêrnei't brânend guod nei binnen smiten is. De auto rekke folslein fernield.
It is al de tredde nacht op rige dat der yn Ljouwert in auto yn de brân stutsen wurdt. Sneintenacht gie in auto yn flammen op yn de Emanuel Murandstrjitte en sneontenacht baarnde in auto op de Amelandsedwinger út.