Hamburger 4e yn WB-roeifinale

27 maaie 2012 - 17:23

Roeier Sjoerd Hamburger hat mei de Hollân Acht snein gjin medalje pakke kinnen by de twadde wrâldbekerwedstriden roeien yn it Switserske Luzern. De Hollanders einigen yn de finale op de Rotsee mei in tiid fan 5.31,45 op it 4e plak. Wrâldkampioen Dútslân wie opnij oppermachtich. It sulver wie foar Ingelân, Kanada waard tredde.

Nederlân lei yn de finale lang op it sechsde en lêste plak. Pas yn de lêste 500 m sette de ploech in einsprint yn. Dat wie net genôch foar in poadiumplak. De Hollân Acht wist de finale pas yn de herkânsing te beheljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)