Crone: "Te skerp praten wurket polarisaasje yn de hân"

09 jan 2017 - 22:39

Oer tsjinstellingen yn de maatskippij kinne jo ek tefolle en te skerp prate. Is it better om de problemen te beneamen en oanslutend oan de oplossingen te wurkjen. Dat sei boargemaster Ferd Crone moandei op de Ljouwerter nijjiersresepsje.

De boargemaster hat it gefoel dat hjoed-de-dei problemen al pratend wolris grutter makke wurde as dat se binne. Dat draacht net by oan de oplossing. Yn Fryslân en ek yn Ljouwert falt it noch wol in slach ta mei polarisaasje en populisme, sei Crone yn syn nijjierstaspraak.

Crone fûn it wol nedich om - ek yn neifolging fan guon kollega-boargemasters - it tema oan te snijen yn syn nijjierstaspraak. Crone wiisde fierder ek op it probleemleas ferrin fan de needopfang fan seishûndert asylsikers by it WTC. Dat Ljouwert no gjin asylsikers mear opfangt komt omdat der op dit stuit in oerkapasiteit is by de azc's.

Yn syn taspraak hie Crone fierders ek omtinken foar fleuriger saken. Neffens him begjinne hoareka en middenstân yn Ljouwert no al dúdlik te fernimmen dat de Kulturele Haadstêd deroan komt. Ferskate ûndernimmers hawwe de boargemaster ferteld dat se fanwege de oanhâldende drokte ekstra minsken oannommen hawwe. "De eksposysje Alma-Tadema is noch mar in foarpriuwke fan wat der takommend jier op ús ôfkomt." En tink derom, mear as 80 persint fan de besikers komt fan bûten Fryslân. De eksposysje oer keunstner Alma-Tadema yn it Frysk Museum luts oant no ta folle earder as ferwachte al mear as 100.000 minsken. Yn de oanrin nei 2018 bart der ek al in soad yn Ljouwert, sei de boargemaster. De boargemaster ferwiisde dêrby ûnder oare nei de opfiering fan De Passion yn Ljouwert yn april.

(Advertinsje)
(Advertinsje)