Tsjerke Raerd restaurearre

27 maaie 2012 - 17:14

De tsjerke fan Raerd giet takom freed 1 juny nei hast trije jier fan restaurearjen wer iepen. De tsjerke waard begjin 19e ieu boud. De binnenkant is mei de opknapbeurt safolle mooglik rekonstruearre nei foarbyld fan dy begjintiid. Wichtichste fynst by de restauraasje wie in skildering op it ferwulft boppe it oargel.

Deputearre en Raedster Jannewietske de Vries sil de tsjerke freedtemiddei offisjeel iepenje. Sneon is der fan 10 oere ôf iepen hûs.

Trefwurden: 
Laurentiustsjerke
(Advertinsje)
(Advertinsje)