Wurkstraf foar ynwenster De Westereen dy't mei glêzen smyt

09 jan 2017 - 22:22

De 19-jierrige ynwenster fan De Westereen dy't yn septimber glêzen fan har balkon nei ûnderen smiet, hat in wurkstraf fan 20 oeren oplein krigen en ek nochris 20 oeren ûnder betingst. Se smiet de glêzen nei twa fjochtsjende manlju. Ien fan harren wie har freon. De oare fjochtersbaas krige in glês op de achterholle.

Plysjerjochter Irene Dölle oardiele dat besykjen ta swiere mishanneling net bewiisd wurde koe. Der wie te min bewiis dat de man op 'e holle rekke wie. Boppedat waarden de glêzen net fan hiel heech ôf goaid.

Trefwurden: 
wurkstraf De Westereen
(Advertinsje)
(Advertinsje)