Selstraf foar man dy't in dûsende frou stikem filmet

09 jan 2017 - 21:19
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In man fan 47 út Pitersbierrum moat twa wike de sel yn, omdat er ferline simmer op rekreaasjegebiet De Holle Poarte yn Makkum in dûsende frou stikem filme hat. De man is al trije kear earder feroardiele foar soksoarte feiten.

De frou woe yn de dûs har skonken skeare. Se hie gjin goed gefoel by de man dy't dêr omhong en dêrom hie se de bikiny oanhâlden. Har gefoel wie terjochte, want even letter seach se in mobyltsje ûnder de doar trochkommen. Se begong te razen en even letter koe de fertochte by de kladden pakt wurde.

Hy bekende dat it him net echt om de frou te dwaan wie, mar om de seksuele spanning. De man moat ek 500 euro smertejild oan it slachtoffer betelje en hy hat in proeftiid fan trije jier oplein krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)