Twa Fryske darters aktyf op Lakeside

09 jan 2017 - 20:53

Mar leafst twa Fryske darters dogge dit jier mei oan it bekendste darttoernoai fan de wrâld: Lakeside. Danny Noppert fan De Jouwer en Richard Veenstra dy't útkomt foar Café De Skoffel op It Hearrenfean. Lakeside is foar darters fan dartbûn BDO it wichtichste toernoai fan it jier. Noppert is as tredde pleatst. Hy fynt dat er in goede kâns hat it toernoai te winnen.

Noppert nimt it yn de earste omloop op tsjin David Cameron. Veenstra spilet yn de earste omloop tsjin Ross Montgomery dy't as 13e pleatst is.

It liket in lestige lotting foar Veenstra, foar wa't it de twadde kear is dat er meidocht oan de Lakeside. Ferline jier, by syn debút, prestearre er boppe alle ferwachtings en helle er de heale finale. As beide Friezen troch de earste omloop komme, moatte se it yn de twadde omloop tsjin elkoar opnimme.

(advertinsje)