Buert set fraachtekens by ferbouwing wenhûs ta garaazje

09 jan 2017 - 20:50

De PvdA en GrienLinks yn de gemeente Ljouwert wolle fan it kolleezje fan b. en w. witte hoe't it sit mei de oanfraach om fan in hûs oan de Stienzerstrjitte in partikuliere garaazje te meitsjen. De bewenners fan de strjitte binne poer op dat plan tsjin. Sy fine dat in oantaasting fan it stedsgesicht.

Boppedat binne se bang dat, as it no tastien wurdt, it op mear plakken sa gean sil. Se wolle dat de gemeente it beslút weromdraait en skerpere regels opstelt, sadat karakteristike wenhuzen net ferboud wurde kinne ta garaazje.

Trefwurden: 
Ljouwert PvdA GrienLinks
(advertinsje)