Boete foar Oerterper dy't mei auto ynrydt op kontroleurs

09 jan 2017 - 20:36

In 48-jierrige man út Oerterp moat in boete fan 1500 euro betelje, omdat er mei de auto ynriden is op twa meiwurkers fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO). De meiwurkers kamen yn july ferline jier by de man op it lân foar kontrôle.

Ynienen kaam de man mei syn Mercedes op harren ôf en rekke er ien fan de manlju op de skinen. De oare koe noch krekt oan de kant springe. Foar de rjochtbank toande de man gjin spyt fan syn dieden. Hy krige ek noch in rydûntsizzing fan trije moanne en in proeftiid fan trije jier.

Fierders moat de Oerterper ien fan de FUMO-meiwurkers 225 euro smertejild betelje. Dy wie yn syn hiele karriêre noch nea sa behannele.

(advertinsje)
(advertinsje)