Busferfier eilannen fan no ôf elektrysk mei OV-chipkaart

10 jan 2017 - 05:00
It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

Op It Amelân, Skylge en Flylân feroaret tiisdei it ien en oar yn it iepenbier ferfier. Op de eilannen koe oant no ta altyd allinnich kontant betelle wurde, mar fan no ôf moat dêr ek de OV-chipkaart brûkt wurde. Wat ek nij is, binne de bussen sels. Dy binne 100% elektrysk en wurde op it haventerrein opladen. De bussen binne ynrjochte foar it ferfier fan passazjiers mei in soad bagaazje. Alle bussen hawwe wifi en oplaadpunten foar de telefoan.

De tsjinstregeling sels feroaret net bot. De bussen slute noch hieltyd oan op de boattiden.

(advertinsje)
(advertinsje)