Korenplein hâldt op fanwege te min belangstelling

09 jan 2017 - 20:07

It Korenplein yn gemeente De Fryske Marren hâldt op te bestean. De organisaasje jout stipe oan koaren yn de gemeente. Se hâlde der no mei op, omdat de belangstelling bot ôffalt. Fan de 53 koaren yn de gemeente hawwe úteinlik trije harren by it inisjatyf oansletten.

Doel fan it 'koarenplein' is om te soargjen foar farske koarleden, in better imago en ferbetteringen yn de organisaasje. De koaren hawwe der lykwols gjin ferlet fan.

Foarsitter Johannes van der Veen fan it Korenplein fynt it tige spitich dat der gjin animo is. Neffens him is it foar in soad koaren dreech om de holle boppe wetter te hâlden. Gearwurking hie de rêding wêze kinnen.

(advertinsje)
(advertinsje)