Soad belangstelling foar selsfoarsjennende lytse húskes

De lytse húskes sa't dy komme moatte yn Hurdegaryp © www.tinyhousenederland.nl
De fiif 'tiny houses' dy't yn Hurdegaryp komme, stean aardich yn de belangstelling. De lytse húskes fan 25 kante meter binne enerzjyneutraal. De ynskriuwing foar de húskes begjint tongersdei. De belangstelling is no al grut. Tsientûzenen minsken hawwe it Facebookberjocht sjoen en der binne oant no ta sechstjin serieuze oanmeldingen foar de fiif minyhúskes.
De lytse húskes binne ûnderdiel fan it nije Enerzjyloket Bouwen en Wenjen. Dat is in gearwurking tusken gemeente, makelers, bou - en isolaasjebedriuwen en de Rabobank.
Minsken kinne by it enerzjyloket alles te witten komme oer oankeap, isolaasje of it bouwen of ferbouwen fan in hûs. It loket wurdt tongersdei iepene.
De lytse, selsfoarsjennende húskes stean op meardere plakken yn Nederlân.