Earste steppers binnenkaam

27 maaie 2012 - 16:49

De earste dielnimmers oan de Alvestêdetocht op de autoped binne krekt binnenkaam. De alderearste wie hurdfytser Lieuwe Palstra fan Boalsert. Yn dy stêd is ek de finish.

De start wie fannacht om tolve oere yn Boalsert. Dêr binne op pinkstersnein 135 dielnimmers fan start gien. As se werom binne, hawwe se al autopedsjend fier oer de 200 kilometer ôflein.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht autoped step
(Advertinsje)
(Advertinsje)