Van der Wal wer de rapste

© Omrop Fryslân
Foske Tamar van der Wal hat ek de twadde maraton om de KPN Cup wûn. Dat barde yn in superspannende finale. Fiif froulju setten it peloton op in rûntsje efterstân. Yn de finale sprong Drachtster Nadine Seidenglanz by har konkurrintes wei. It like derop dat de Dútske reedrydster har earste winst helje soe.
Op de streek waard se nei fiif rûntsjes krekt foarby riden troch Van der Wal en Mariska Huisman. Maria Sterk waard fjirde, Mireille Reitsma 5e.