Lidl wol útwreidzje yn Balk, gemeente is tsjin

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Supermerkkonsern Lidl wol syn winkel yn Balk útwreidzje, mar de gemeente De Fryske Marren wol dat net lije. Beide partijen troffen inoar moandei by de Ried fan Steat. De winkel stiet yn in wenwyk en de gemeente is benaud dat minsken yn de buert der oerlêst fan krije as de supermerk grutter wurdt.
Lidl is dwaande mei it grutter meitsjen fan al syn winkels en wol dat ek yn Balk. Neffens it bestimmingsplan kin dat lykwols net. De Ried fan Steat docht binnen seis wiken útspraak.