FIDEO: Bern yn Rie sammelje krystbeammen yn

09 jan 2017 - 17:21

De bern fan Rie hawwe yn de krystfakânsje wer manmachtich oan it krystbeam slepen west. Alle jierren sammelje se sa'n tritich oant sechstich beammen yn, dy't de gemeente dan ophellet. Se krije der oardel euro en wat snobbersguod foar. En wat is der no moaier as mei in krystbeam tôgje tegearre mei dyn grutte leafde? Sido en Berber hawwe al 2,5 jier ferkearing. Of wie it no trije jier?

Trefwurden: 
krystbeam tôgje Rie bern
(advertinsje)
(advertinsje)