Skeel makeler De Gordyk en Opsterlân oer wenbestimming

09 jan 2017 - 17:11
Badwei 30, De Gordyk - Foto: Google Streetview

De gemeente Opsterlân en makeler Sierd Moll fan De Gordyk stiene moandei foar de Ried fan Steat. Moll wurket en wennet op in bedriuwsterrein oan de Badwei. Syn kantoar is yn it jildige bestimmingsplan in bedriuwswente. De gemeente wol de wenbestimming derôf helje. Se wolle it bedriuwsterrein brûke foar swierdere en oerlêst jaande bedriuwen. Foar de makeler wol de gemeente gjin útsûnderings meitsje.

Moll wol syn kantoar letter graach as bedriuwswente ferkeapje kinne. Dat is syn pensjoenfoarsjenning, seit er. 

De útspraak is binnen in pear wike.

(Advertinsje)
(Advertinsje)