Himpkwekerij oan Turfmerk

27 maaie 2012 - 16:16
Foto: Robertjan Boonstra

De plysje hat snein yn Ljouwert by it oprôljen fan in himpplantaazje seis minsken oppakt. De plysje kaam de kwekerij yn in hûs oan De Turfmerk op it spoar nei in melding fan stankoerlêst. By de ynfal kaam de plysje de seis minsken tsjin, twa fan har besochten noch út te naaien. It giet om in ynwenner fan Ljouwert, twa fan IJmuiden, twa fan Amsterdam en ien út Wierum.

De goed 400 planten dy't yn it hûs stiene binne mei de byhearrende apparatuer ferneatige. De seis minsken binne foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
himp
(Advertinsje)
(Advertinsje)