Noarden tekenet akkoart mei ryk oer kultuerbelied

It Fries museum yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De trije noardlike provinsjes en de stêden Assen, Emmen, Grins en Ljouwert tekenje woansdei in kultuerkonvenant mei minister Bussemaker fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Dat bart yn it Fries Museum yn Ljouwert. De oerienkomst is in útfloeisel fan it advys fan de kultuerried, dat ynhâldt dat net it ryk, mar de regio it inisjatyf nimt foar kultuerbelied.
Yn it konvenant sit ûnder oare in fûns fan seis ton yn it jier foar kulturele eksperiminten yn it Noarden. It konvenant is fjouwer jier jildich.
It kultuerprogramma 'We the North', dat ûnderdiel is fan it konvenant, beskriuwt trije spoaren: ynnovaasje, talintûntwikkeling en stêd & regio.