Team Wanty-Groupe Gobert befêstiget: Lieuwe Westra hâldt op

09 jan 2017 - 15:32

Lieuwe Westra hâldt op as profesjoneel hurdfytser. Dat hat syn nije ploech, Wanty-Groupe, Gobert fia Twitter witte litten. Se sizze dat se it spitich fine dat se bekend meitsje moatte dat Lieuwe Westra nei acht jier fuortendaliks in punt set achter syn fytskarriêre. Westra hie snein sels in berjocht op syn Facebook set dat er dermei ophâlde woe. Oant no ta wie it ûndúdlik oft it wol echt wier wie.

Trefwurden: 
Lieuwe Westra hurdfytsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)