Allinnich Lutz Jacobi wol listlûker PvdA Ljouwert wurde

Der komme gjin ferkiezingen foar it listlûkerskip fan de PvdA yn Ljouwert foar de gemeenteriedsferkiezingen yn novimber. Dat komt omdat mar ien gadingmakker har melden hat. Dat is Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea. Sy kundige earder oan dat se net weromkomt yn de Keamer nei de Twadde Keamerferkiezings op 15 maart. Omdat der gjin oare kandidaten listlûker PvdA Ljouwert binne, is Jacobi neffens de regels fan de PvdA net automatysk listlûker. De partij oerleit dêr ein jannewaris mei de leden oer.
Ticht by it folk
PvdA-wethâlder Andries Ekhart neamt Lutz Jacobi in poerbêste kandidaat dy't ticht by it folk stiet. Hy is bliid dat se har ynsette wol foar de gemeente en hopet dat de ynset fan Jacobi derfoar soargje kin dat de PvdA de grutste bliuwt yn de Ljouwerter gemeenteried.
Baantsjesjeierij
Jacobi seit sels dat it har net folle útmakket watfoar posysje se kriget nei de ferkiezings. ''Ik bin net dwaande mei baantsjesjeierij. Dat bart al fierstente folle yn de polityk. We moatte earst mar ris in goeie útslach meitsje. Dan sjogge we dêrnei wol fierder."
Oare baan
Jacobi hâldt noch wol in lytse slach om de earm by har kandidatuer. As se nei de ferkiezings in baan kriget dy't net te kombinearjen is mei de gemeenteried, sil se har weromlûke moatte.
Grien hert
Fraksjefoarsitter Jan Atze Nicolai fan PAL/GrienLinks beskôget Jacobi wol as in konkurrint, ek al omdat se bekend stiet as in politika mei in 'grien hert'.
"Soks leit Lutz wol"
VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries fynt Jacobi wol geskikt foar de gemeenteried. "Moai wurk, ticht by de minsken, soks leit Lutz wol.'' De Vries ferwachtet net dat har partij der in soad lêst fan hawwe sil. "Dêrfoar stean VVD en PvdA dochs wat te fier faninoar ôf."