Ien Fryske saak op coldcase-kalinder

09 jan 2017 - 14:39

Op in spesjale coldcase-kalinder dy't fan moandei ôf yn fiif finzenissen yn Nederlân komt te hingjen, stiet ien Fryske saak. It giet om in oerfal út 1992 op skileboer Folkert Veenstra fan Oerterp. Veenstra waard thús oerfallen, krige klappen en ferstoar in dei letter. Op de gouden tip stiet in beleanning fan 15.000 euro, mar dat hat oant no ta noch neat opsmiten.

Op de coldcase-kalinder stean 52 net oploste misdriuwen. De kalinder komt yn alle sellen te hingjen. Plysje en justysje hoopje sa nije tips te krijen.

De kalinder is moandeitemiddei yn De Marwei yn Ljouwert presintearre. De kalinders binne goed ûntfongen, seit finzenisdirekteur Anna Nijstad fan De Marwei. Dochs hâlde se de kommende wiken al goed yn de gaten wat it docht mei de sfear. "Jo witte net hoe't der reagearre wurdt as bekend is dat der ien klikt hat", seit Nijstad. De finzenen kinne anonym tips jaan. Mocht dy liede ta de oplossing fan in saak, krije se tipjild. Yn it gefal fan de saak fan Folkert Veenstra giet it om 15.000 euro. Mear ynformaasje stiet op www.politie.nl/coldcases 

Trefwurden: 
coldcase kalinder finzenis
(Advertinsje)
(Advertinsje)