Ryk betellet mei oan feilige spoaroergongen

De provinsje is bliid mei de 25 miljoen euro fan it ryk foar it oanpakken fan de net bewaakte spoaroergongen yn Nederlân. It giet yn totaal om 110 fan dit soarte oergongen, wêrfan seis yn Fryslân. It ryksjild komt boppe-op de 10 miljoen dy't al beskikber wie.
Neffens deputearre Johannes Kramer is noch net dúdlik hoefolle ryksjild nei Fryslân giet en is dêrom ek noch neat te sizzen oer de hichte fan de provinsjale bydrage. Neffens Kramer wurdt oan fjouwer fan de seis oergongen al wurke om se feiliger te meitsjen.
De deputearre rôp it kabinet koartlyn op om jild beskikber te stellen foar it feiliger meitsjen fan de oergongen.