De Vries wint alles yn Zeist

27 maaie 2012 - 15:53
Foto: awfoto.nl

Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, hat alle 4 ôfstannen by it NK skeelerjen op 'e dyk op har namme skreaun. Yn Zeist wie De Vries op de 1e dei al de bêste op de 200 m sprint en de ôffalkoers. Sneon pakte se de titel op de 500 m en de puntekoers. Margot van de Merwe út Wolvegea wie ek súksesfol en gong mei 4x sulver nei hûs. Hilde-Marije Dijkstra út Aldetrine pakte 2x brûns.

Yn ôfwêzigens fan de grutte toppers kaam it dielnimmerstal by de froulju net boppe de 12. Sadwaande dat it NK as offisjeus kampioenskip de boeken yn giet.

By de manlju wie Mark Horsten, wenjend yn Drachten, oppermachtich. Horsten moast allinne de titel op de ôfslutende puntekoers oan him foarbygean litte. Dy oerwinning gong nei Jan Blokhuijsen, wenjend op It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)