Malawi sjongt Frysk folksliet

In groep fan helporganisaasje Word Servants hat yn Malawi bern it Frysk folksliet leard. In wurdfierder fan de groep meldt dat de bern binnen tolve oeren tiid it Frysk Bloed Tsjoch Op yn de macht hiene. De World Servantsminsken wiene yn Luwerleze yn Malawi om klaslokalen, huzen en latrines te bouwen. De dielnimmer wiene 25 oant 75 jier âld.
De kristlike helporganisaasje set wol faker groepen Friezen yn om minsken te helpen dy't it minder goed hawwe.