Alvestêdetocht foar hurdrinners komt werom yn 2018

Yn 2018 sil wer in Alvestêde-ultrarun plakfine. Dat is gjin estafette, mar in solotocht fan 230 kilometer foar saneamde ultradravers. De run fynt plak yn it pinksterwykein as ek de Fytsalvestêdetocht riden wurdt. Der is plak foar 75 man. En dêr wurdt goed op selektearre, want net eltsenien is geskikt om 230 kilometer te draven.
It idee om wer in ultrarun te organisearjen komt fan ultradravers Silvio Teunissen en Klaas van Heeringen. Neidat se yn 2013 de Serious Request Marathon organisearre hiene, kaam de dream foar in Alvestêde-ultrarun werom. Doe hawwe se alle gemeenten oanskreaun foar in fergunning. Dat is slagge en op sneon 19 maaie 2018, dat is de sneon foar pinkstermoandei as de Fytsalvestêdetocht riden wurdt.
Yn 2002 wie der foar it lêst in Alvestêde-ultrarun.