Seleksje foar EK shorttrack bekend makke

09 jan 2017 - 12:22

Der sitte gjin ferrassingen yn de shorttrackploech dy't kommend wykein yn aksje komt op it EK yn it Italiaanske Turijn. Dylan Hoogerwerf, Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt sille by de manlju yn aksje komme op de yndividuele ôfstannen. Ithzak de Laat fan Aldskoat en Dennis Visser fan De Lemmer sitte yn de ploech foar de relay en sille allinne op dat ûnderdiel yn aksje komme.

By de froulju hat Suzanne Schulting har as Nederlânsk kampioene hoe dan ek pleatst. Ek Rianne de Vries fan Akkrum sil meidwaan op de yndividuele ôfstannen.

De tredde frou yn de ploech is Yara van Kerkhof. Foar de ploege-efterfolging komme Lara van Ruijven en Tineke den Dulk fan Ljouwert dêr by.

Trefwurden: 
shorttrack EK seleksje
(advertinsje)