N'Toko ferruilet SC Cambuur foar NAC Breda

09 jan 2017 - 12:16

Fuotballer Chiró N'Toko giet per direkt fan SC Cambuur nei NAC Breda. De 28-jierrige N'Toko kaam ferline jier fan FC Eindhoven nei Cambuur. Yn de earste helte fan it seizoen spile de Kongolees mei Belgysk paspoart 13 kear, mar kaam troch blessueres net in soad oan spyljen ta. Tagelyk ûntwikkele Omer El Baad him goed en foarmje Erik Bakker en Robbert Schilder goeie opsjes foar de definsje.

De klup neamt de ferkeap fan N'Koto foar alle partijen it meast winsklik.

(advertinsje)
(advertinsje)