Is wethâlder Kuiken fan Harns de bêste jonge bestjoerder?

09 jan 2017 - 12:06

Wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Harns is nominearre foar de ferkiezing fan bêste bestjoerder ûnder de 40 jier. De ferkiezing is in inisjatyf fan Binnenlands Bestuur.

Neffens de sjuery stiet Kuiken bekend om syn saakkundichheid. ''Opvallend voor een jonge bestuurder.'' Kuiken begûn op syn 21e as riedslid en waard acht jier lyn wethâlder.

Syn konkurrinten by de ferkiezing binne wethâlder Floris Schoonderwoerd fan Kaag en Braassem en wethâlder Lot van Hooijdonk fan Utrecht. Op tongersdei 26 jannewaris wurdt bekend wa't de winner is.

Trefwurden: 
Hein Kuiken
(Advertinsje)
(Advertinsje)