Wat fine jo fan de polityk? Doch de enkête!

09 jan 2017 - 11:55
Foto: ANP

Op 15 maart binne de ferkiezingen foar de Twadde Keamer en dêrnei komt der in nij kabinet. It liket in spannende striid te wurden, wêrby't de kiezer it úteinlik foar it sizzen hat. Omrop Fryslân is benijd nei jo miening oer de polityk yn Nederlân. Hawwe jo soargen oer de takomst of binne jo lilk op de polityk of just net? Is it sa dat jo gjin fertrouwen mear yn de politisy hawwe en wêrtroch komt dat dan? Mar ek, wat is der yn ús lân goed regele en moat perfoarst sa bliuwe? Of wat moat der just feroarje? Omrop Fryslân heart it graach!

Klik hjir en doch mei oan ús enkête. Jou jo miening troch it ynfoljen fan in koarte list mei fragen. Jo antwurden wurde fertroulik behannele.

Better byld

Omrop Fryslân docht dit publyksûndersyk yn gearwurking mei de NOS en de regionale omroppen fan Utrecht, Súd-Hollân (RTV Rijnmond en Omroep West), Seelân en Noard-Brabân. Sûnt de útkomst fan de referinda oer Oekraïne en Brexit en de oerwinning fan Donald Trump wurdt der in soad sein en skreaun oer de ûnfrede, soarch of lilkens fan in diel fan de kiezers. Yn Amearika, Europa en yn Nederlân. Mar hoe sit dat no krekt? Mei dizze enkête wolle we, foar ús berjochtjouwing, in noch better byld krije fan wat der libbet ûnder de befolking. Alfêst tige tank foar it ynfoljen!

Trefwurden: 
enkête polityk Ferkiezingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)