Bûkebeam fan 170 jier âld kapt yn Bosk fan Ypey

09 jan 2017 - 11:28

De karakteristike reade bûkebeam foar Villa Vijversburg by Tytsjerk is moandeitemoarn kapt. De beam wie slim oantaaste troch swammen en net te rêden.

Yn 2012 wie de deade top al út de mear as 170 jier âlde beam helle, mar dy stoar hieltyd fierder ôf. It wie net langer feilich om de beam stean te litten. Ek in twadde oantaaste bûkebeam op it terrein wurdt moandei fuorthelle.

De Stichting Vijversburg bestiet dit jier 125 jier, wylst it tagelyk de iepening fan it fernijde park is. Neffens de stichting is dat in moaie gelegenheid om twa nije bûkebeammen te plantsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)