Stellen AED's Warkum binne wer teplak

09 jan 2017 - 08:55
De AED-kast is leech - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De twa AED's dy't ôfrûne wykein yn Warkum stellen waarden, binne wer teplak. Beide apparaten waarden troch in passant ferpakt oantroffen op in skelpepaad by de Tichtset. De AED's sille no update en werompleatst wurde. Om't de apparaten net fersekere binne, draaie de Warkumers sels op foar de kosten.

Trefwurden: 
AED Warkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)