Fabriek nei heale finale EK

Durk Fabriek hat him as earste Fries pleatst foar de finale fan it EK gersbaanracen. Hy waard sneontejûn yn de heale finale yn Frankryk sânde en dat is goed foar streekrjochte pleatsing. De Friezen Henry van der Steen, Erik Eijbergen en Sjoerd Rozenberg einigen te leech om troch te gean. De wedstriid waard nei trije ritten foar dien ferklearre omdat de ferljochting stikken wie.
De twadde heale finale is op 3 juny yn Dútslân. Dêr dogge
Jannick de Jong en Jeffrey Wortmann oan mei. De finale is dan op 19 augustus yn Eenrum yn Grinslân.
Yn Frankryk seach de top 3 der sneontejûn sa út:
1 Stéphane Tressarrieu, Frankryk
2. Ales Drymel, Tsjechië
3. Glen Phillips, Ingelan