"Kâns op oanfraach foar ûntheffing aaisykjen is 50/50"

09 jan 2017 - 07:03

It wurdt 50/50 oft der dit jier troch it bûn fan Fryske fûgelbeskermingswachten (it BFVW) in ûntheffing oanfrege wurdt foar it aaisykjen. Dat is de ynskatting fan foarsitter Rendert Algra. Oare jierren hie de provinsje om dizze tiid hinne faak al in oanfraach binnen, mar no is noch mear oerlis nedich.

It BFVW besjocht bygelyks oft der dit jier al begûn wurde kin mei in wittenskiplik ûndersyk, nei it effekt fan it útbrieden fan ljipaaien yn briedmasines. Op 16 jannewaris nimt it haadbestjoer dêr in beslut oer.

De ynskatting is lykwols dat der foar in wittenskiplik ûndersyk noch in soad regele wurde moat. Sa moat der in ûndersiker fûn wurde dy't der op ôfstudearje wol, mar der binne ek fergunningen nedich om de piken yn maaie wer los te litten yn de natuer.

Wol sykje, net meinimme

Al twa jier mei der net op de tradisjonele wize aaisocht wurde. Ferline jier woe it BFVW dat de leden wol it fjild yngiene om te sykjen, sûnder de aaien mei te nimmen. Ek dat waard lykwols net tastien troch it ministearje fan ekonomyske saken. It BFVW krige doe sels in twangsom oplein fan 2.500 euro as der op dy wize socht waard.

Foarsitter Algra wol lykwols dochs besjen oft sa'n fariant dit jier wer mooglik is. Hy seit dat der de lêste twa jier - doe't der dus net socht wurde mocht - 1.000 opsizzingen kaam binne fan neisoargers.

Trefwurden: 
aaisykjen BFVW Rendert Algra
(Advertinsje)
(Advertinsje)