Lieuwe Westra op Facebook: "Ik hâld op mei hurdfytsen"

Lieuwe Westra fan De Tynje hat besletten om op te hâlden mei it hurdfytsen. Hy hat dat sneintejûn op syn Facebook-side skreaun. "Vandaag heb ik besloten om te stoppen met koersen. Ik kan het niet meer opbrengen", skriuwt Westra. Yn syn berjocht doelt Westra op syn eks-sweager Kevin Snijder en syn âld-saakwaarnimmer André Boskamp. Mei beiden soe er in saaklik konflikt hawwe en ek rinne der rjochtsaken.
Lieuwe Westra wie krekt oerstapt nei in nije ploech, Wanty-Groupe Gobert. Hy fytste de lêste twa jier foar Astana. Mei tank oan ûnder oaren Westra wûn syn ploechgenoat Vincenzo Nibali de Tour de France. Westra wûn einlik de Driedaagse van De Panne. Hichtepunt yn syn karriêre wie de ritwinst yn Parijs-Nice yn de Keninginnerit. Dêrneist wûn hy ûnderweis de Ronde van Denemarken, waard hy twa kear Nederlânsk kampioen tiidriden en wûn hy etappes yn de Dauphiné, de Ronde van Californië, de Ronde fan Catalonië en de Ronde fan Denemarken.