Twa ferwûnen by botsing mei auto's yn Frjentsjer

By in botsing tusken twa auto's op de rûnwei yn Frjentsjer binne twa bestjoerders ferwûne rekke. It ûngelok barde op de krusing fan de Boargemaster J. Dijkstrawei en de A. van Voorthuijsenwei. De ferwûnen binne mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Ien bestjoerder moast troch de brânwacht út de auto knipt wurde. It is noch net bekend hoe't de slachtoffers der oan ta binne en wat de krekte oarsaak fan de botsing west hat.