Auto knalt tsjin beam, twa ynsittenden ferwûne

© Stefan Postema
Twa minsken binne sneintemiddei ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Haerdawei by Easterbierrum. De auto dêr't de twa slachtoffers ynsieten, knalde troch ûnbekende oarsaak tsjin in beam oan de kant fan de dyk. De twa ynsittenden binne foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs. In bergingsbedriuw hat de swier skansearre auto fuortsleept.