Sven Kramer: Dit wie in hiele moaie, komt tichteby de earste

08 jan 2017 - 19:45

Sven Kramer is snein foar de njoggende kear Europeesk kampioen allround wurden. En ek al is it de safolste titel foar him, hy genietet der noch altyd fan al wie it de earste kear. "Ik fûn dit einliks wol in hiele moaie, komt ticht yn de buert fan de earste (Collalbo 2007, red.). It bliuwt genietsjen foar thús en foar my."

Ek de tradisjonele earerûntsjes yn de belslide op it iis fan Thialf binne spesjaal foar Kramer. "Supermoai en dat ferfeelt noait!" De reedrider pakte sels de kâns om tegearre mei Ireen Wüst even in selfie te meitsjen en it publyk yn Thialf te filmjen mei syn mobyltsje.

Ireen Wüst waard dit wykein foar de fiifde kear Europeesk kampioen allround by de froulju.

(Advertinsje)
(Advertinsje)