Sven Kramer docht net mei oan NK allround

08 jan 2017 - 19:01
Sven Kramer - Foto: ANP

Nei Ireen Wüst hat ek Sven Kramer it NK allround oer twa wiken op It Hearrenfean ôfsein. Kramer jout de foarkar oan in trainingskamp. "Ik kies foar in trainingskamp yn it bûtenlân, miskien wer yn Collalbo", sa seit de reedrider. "Ik wol my leaver fokusje op de WK ôfstannen."

Snein waard Kramer foar de njoggende kear Europeesk kampioen allround en hat him dêrmei kwalifisearre foar it WK allround. Tegearre mei de WK ôfstannen binne dat de folgjende doelen foar Kramer.

"Der binne ek noch in pear Worldcups by en dy sil ik brûke om foar de gruttere doelen yn foarm te kommen." De WK ôfstannen binne fan 9 oant mei 12 febrewaris yn it Súd-Koreaanske Gangneung en it WK allround is op 4 en 5 maart yn it Noarske Hamar.

Trefwurden: 
Sven Kramer reedriden NK
(Advertinsje)
(Advertinsje)