Teloarstellend NK shorttrack foar Fryske manlju

08 jan 2017 - 17:38

De nasjonale titel by it NK shorttrack yn Amsterdam is ferrassend gien nei Dylan Hoogerwerf. Dy wûn de beslissende tige spannende finale, en bleau sa yn it einklassemint Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt foar. Daan Breeuwsma hie fierwei de bêste papieren foar de titel, mei twa twadde plakken en de winst op 'e 500 meter. Mar Breeuwsma foel yn 'e finale en koe dus gjin punten byskriuwe. Sjinkie Knegt moast de finale winne om kâns te hâlden op de titel, mar kaam net fierder as it tredde plak. Breeuwsma pakt úteinlik sulver dit NK, Knegt it brûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)