'Ferkeard âld papier' Flylân
Bedriuwen op Flylân sette hieltyd faker âld papier by de dyk, wylst dat net mei. Frijwilligers fan de Stichting Ophaaldienst helje alle sneonen it âld papier op yn it doarp.
De opheltsjinst is lykwols allinnich bedoeld foar partikulieren. Bedriuwen moatte it sels nei de gemeentewerf bringe. Dat jildt ek foar glês en âld izer.