Sven Kramer pakt njoggende Europeeske titel

08 jan 2017 - 17:16

Sven Kramer is foar de njoggende kear Europeesk kampioen reedriden wurden. Op de lêste ôfstân, de 10 kilometer, ried hy foar in fol iisstadion Thialf in moaie útsetter mei 13.06.30 as winnende eintiid. Jan Blokhuijsen waard twadde op de 10 km en ek twadde yn it einklassemint. It brûns wie foar de Belch Bart Swings.

Kramer waard achtste op de 500 meter, twadde op de 1500 meter en wûn mei oermacht de 5 en 10 kilometer.

Douwe de Vries waard fjirde op de 10 km en fiifde yn it einklassemint.

Sven Kramer pakte syn earste Europeeske titel op it bûteniis fan Collalbo yn 2007. Dêrnei wie er de bêste yn Kolomna (2008), It Hearrenfean (2009), Hamar (2010), Boedapest (2012), It Hearrenfean (2013), Tsjeljabinsk (2015) en Minsk (2016). Yn 2005 waard hy yn Thialf achter Jochem Uytdehaage twadde.

Kramer is ek al acht kear wrâldkampioen. Op de Olympyske Spelen hat er oant no ta sân medaljes wûn: trije kear goud, twa kear sulver en twa kear brûns.

(advertinsje)
(advertinsje)