Suzanne Schulting superieur op NK shorttrack

Suzanne Schulting hat mei oermacht de nasjonale titel by it shorttrack wûn. De 19-jierrige reedrydster út De Tynje wie op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam op alle fjouwer ôfstannen de sterkste. Twadde waard Yara van Kerhof, en de tredde priis gie nei Rianne de Vries út Akkrum.
It is foar Suzanne Schulting har earste NK-titel by de senioaren.