Twa AED's stellen yn Warkum

08 jan 2017 - 16:18

Yn Warkum binne yn de nacht fan freed op sneon twa fan de trije oanwêzige AED's stellen. Ien hong by de yngong fan Kultuerhús Klameare yn de Begine en de oare oan de Algeraburren. De AED's wiene net befeilige mei in slot om tiid te besparjen by needgefallen. Wol gong der in sirene ôf, doe't de apparaten fuort nommen waarden. In buertbewenner fan de Klameare waard dêr wekker fan en hat de AED-kast wer tichtdien, yn de ferûnderstelling dat der in needgefal wie.

De apparaten wurde betelle troch de mienskip, mar binne net fersekere. Dêrtroch draaie de Warkumers foar de kosten op. De defibrilators kostje 1500 euro it stik.

De plysje liket út te gean fan baldadigens. Yn deselde nacht soe in groep fan seis of sân jongeren fernielingen oanbrocht hawwe yn it sintrum fan Warkum, sa meldt de plysje. Der waard in stikkene bushalte oantroffen, mar der wie gjin spoar fan de fernielers. De plysje ropt de dieders op harren te melden op it buro. Tsjûgen kinne ek kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
AED Warkum
(advertinsje)
(advertinsje)