Marrit Leenstra wurdt fjirde op earste EK sprint

Marrit Leenstra is as fjirde einige op it earste Europeeske kampioenskip sprint. Sneon stie se noch op it tredde plak, mar in mindere twadde 500 meter pleage har. Op de lêste 1000 meter waard Leenstra noch wol tredde yn 1.16.35. Jorien ter Mors wûn de lêste 1000 meter yn 1.14.88 en klom nei it twadde plak yn it einklassemint.
Karolina Erbanová, twadde op de lêste 1000 meter, waard de earste sprintkampioen fan Europa. Olga Fatkulina pakte it brûns.