Sven Kramer nimt noch gruttere foarsprong

08 jan 2017 - 14:50
Sven Kramer - Foto: awfoto.nl

Sven Kramer is in hoannestap ferwidere fan syn njoggende Europeeske titel. De lieder fan it klassemint wreide syn foarsprong op de 1500 meter noch fierder út. De winst gong nei de Rus Denis Yuskov yn 1.46.54, ienhûnderste flugger as Sven Kramer, dy't mei 1.46.55 twadde waard. Yuskov is trijefâldich wrâldkampioen op de 1500 meter. Jan Blokhuijsen, de tsjinstanner fan Sven, einige yn 1.48.31 as sânde. Douwe de Vries waard yn 1.48.75 alfde.

Op de 10 kilometer hat Kramer in foarsprong fan hast 17 sekonden op Blokhuijsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)